4 of 5 doarpen partij Easterwierrum

Hjoed wy KF Jacob Klaver de hiele dei aktyf op it keatsfjild yn Easterwierrum. Moarns keatste hjir de jeugd fan Wiuwert Britswert, Easterwierrum en Mantgum en fannemiddei moasten de “grutten” keatse. Spytich wie dat Jorwert in eigen ledepartij yn Jorwert ferkeatste mar dat mocht de pret net drukke. Moarns waard der yn trije kategoryen keatst. By de welpen wie it Hedwig Dijkstra dy de Jacob Klaver kleuren heech hold, sy wûn in twadde priis. Jente Wieberen Muller wûn mei Dieuwke de Vries by de pupillen de earste priis. By de skoaljeugd gongen de krânsen nei Feiko van Zadelhoff en Ynte van der Veen. It partoer fan Albert Jonker, Hans de Boer en Jan Dik Slop naam by de manlju de krânsen mei nei hûs. De froulju hawwe fannemiddei trije kear lotte en nei trije kear keatsen krige Joke Koldijk de krâns om. Op de foto ûntbrekke Feiko en Ynte, dy wienen al nei hûs doe t de foto makke waard. (foto’s Hans de Boer)

Geplaatst op 03 June 2007